Blau-Wyt ferliest wichtich duel

11 mrt 2001 - 00:00

Fryslâns iennige kuorbalhaadklasser Blau-Wyt fan It Hearrenfean is noch net út 'e degradaasjesoargen. In gelykspul tsjin DOS WK hie genôch west om yn 'e haadklasse te bliuwen. De Feansters ferlearen snein lykwols mei 16-19 fan de ploech út Enschede.

In beslissingswedstriid tsjin Groen-Geel (Wormer) moat no útwize oft Blau-Wyt tenei al of net in klasse leger spilet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)