Blau Wyt '34 wint fan Bûtenpost

03 okt 2015 - 19:02

Blau Wyt '34 hat sneontemiddei in ferrassende 3-2 oerwinning behelle tsjin VV Bûtenpost. Op Sportpark Wiarda wienen de earsteklassers oan elkoar weage, Bûtenpost kaam mei in strafskop fan Berisha yn de 24e minút op foarsprong. Noch foar it skoft die Musliu foar Blau Wyt wat werom, hy skoarde nei in moaie slalom earst de lykmakker en sette fuort dêrnei ek de 2-1 op it boerd. Floris Boonstra makke mei in geweldich hurd skot fan ôfstân nei rêst de 3-1 foar Blau Wyt.

De 3-2 foar Bûtenpost fan Joop Pijnacker brocht de spanning werom.

Ta in lykmakker kamen de 'Blaukes' net mear.

Yn dyselde earste klasse gong Balk mei 2-1 ûnderút tsjin Oranje Nassau en ferlearen de Ljouwerter Sweltsjes mei 4-0 fan Bedum. Súkses wie der wol foar BCV dat mei 3-1 wûn fan Groen Geel. Feanwâlden wist PKC '83 op in lykspul te hâlden, 1-1.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)