Blau-alch yn Wolvegea

28 jul 2009 - 14:39

Yn it wetter fan de fivers yn de wenwyk De Heide yn Wolvegea sit blau-alch. Bewenners warskôgen de gemeente, nei't se grutte stikken alch en deade fisken yn it wetter driuwen seagen. De gemeente warskôge it Wetterskip en sette daliks warskôgingsbuorden by de fivers. It Wetterskip hat befêstige dat it om blau-alch giet.

De alch is yn de fivers kaam troch in kombinaasje fan it waarme waar en om't it rioel it reinwetter net mear oan koe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)