Blau-alch yn it Swimmersplak yn De Westereen

23 jul 2015 - 17:18
  • Blau-alch

De gemeente Dantumadiel warskôget foar blau-alch by it Swimmersplak yn De Westereen. Der wurdt dêrom ôfret om hjir te swimmen. Op de lokaasje wurde warskôgingsbuorden pleatst. By kontrôle fan Wetterskip Fryslân is de blau-alch oan it ljocht kaam.

Blau-algen binne giftige baktearjes dy't yn it wetter foaral bloeie by hegere temperatueren en in minne trochstreaming fan it wetter. Minsken dy't toch swimme yn wetter mei blau-alch kinne lêst krije fan ûnder oaren de mage en de eagen. Ek húsdieren kinne by ynname fan it wetter lêst krije.

Wetterskip Fryslân sil de kommende tiid ekstra wettermeunsters nimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)