Blau-alch yn Griene Stjer

21 jul 2009 - 10:43

It wetterboartersplak yn de Griene Stjer by Ljouwert is ôfsletten om't der blau-alch konstatearre is. Om't der tiisdei in soad minsken ferwachte wurde, hat de gemeente it terrein daliks ôfsetten.

Op it wetter leit neffens de gemeente in grien-blauwe laach fan de baktearje. De pomp yn it wetter bringt it net genôch yn beweging om de blau-alch te ferdriuwen. It wachtsjen is no op in oare wynrjochting of oar waar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)