Blau-alch yn De Westereen

25 jun 2010 - 14:24
  • Warskôgingsboerd yn it wetter fan it swimmersplak (foto: Henk Koster 112 Nederlân)

Der mei foarearst net swommen wurde yn it wetter fan it swimmersplak yn De Westereen. Dat hat de gemeente Dantumadiel besletten omdat der blau-alch yn it wetter fûn is.

Blau-alch kin skealik wêze as minsken de alch binnen krije. De gemeente hat buordsjes by it Swemmersplak delset, dêr't it swimferbod op oanjûn stiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)