Blau-alch op fjouwer plakken

24 jun 2011 - 16:18
  • (argyffoto)

Der is blau-alch konstatearre op fjouwer plakken yn Fryslân. It giet om De Leyen by De Rottefalle, it Burgumermar by Eastermar en Grutte Wielen en Potmarge yn Ljouwert.

De provinsje hat warskôgingsbuorden pleatst om minsken út it wetter te hâlden. De provinsje ferwachtet gjin grutte problemen mei de hege temperatueren fan nije wike. Der stiet genôch wyn om problemen foar te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)