Blaffende hûn yn Ljouwert liedt plysje nei fertochte

13 jul 2015 - 12:36

In blaffende hûn hat de plysje yn Ljouwert sneintejûn nei in fertochte laat dy't noch in boete fan 142 euro iepenstean hie. De man koe net betelje en sit no twa dagen fêst.

De plysje kaam nei de wenning fan de man oan de Julianaleane om't syn hûn al langere tiid blafte. Doe't de plysje by de wenning wie, kaam de bewenner krekt thús. Sa lang de man yn de sel sit, soarget in freon foar de hûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)