Black Friday op De Lemmer

13 des 2013 - 07:27

Sechtjin moadewinkels op De Lemmer organisearje freed in Black Friday. Dit fenomeen komt út Amearika en betsjut dat winkels ien dei hege koartings jouwe. Yn Amearika is dit tradisjoneel de freed nei Thanksgiving.

Op De Lemmer wurdt de 'swarte freed' tagelyk mei de krystmerk organisearre. It is foar it doarp de twadde kear. Yn de simmer waard der ek alris in Black Friday hâlden. Doe wiene der in soad toeristen op De Lemmer. No binne der gjin toeristen mear, mar de organisaasje hopet dat de kombinaasje mei de krystmerk in soad besikers lûkt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)