Black Boys wolle ferhúzje

03 sep 2008 - 11:39

Fuotbalferiening Black_Boys fan Snits wol ferhúzje fan it nije sportskompleks Schuttersveld nei it eardere ûnderkommen fan Wit Zwart. As de gemeente net oan dy ferhuzing meiwurket dan sil de klub ferdwine.

It kolleezje en de ried fan Snits ha in brief krigen oer de soargen fan Black Boys. Op it Schuttersveld moat Black Boys de akkommodaasje diele mei Waterpoort Boys en oare klubs. Dat wurket net. Boppedat hat de klub dêr gjin eigen kantine-ynkomsten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)