Bløf en Van Velzen op Glemmer

07 mrt 2014 - 15:03

It festival Glemmer Beach fan De Lemmer hat de earste nammen foar dit jier bekend makke. Under oaren BLØF, Nielson, Van Velzen, Waylon, Miss Montreal, Postmen en Jett Rebel trede op. Glemmer Beach hat dit jier in lustrum: it is de fiifde edysje. Dêrom besiket de organisaasje om dit jier noch mear live-optredens te regeljen.

Ferline jier luts Glemmer in rekôrtal fan 22.500 besikers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)