Bizot earste keeper Cambuur

05 aug 2011 - 14:32
  • Keeper Marco Bizot

Cambuurkeeper Marco Bizot is foar it earst oproppen foar Jong Oranje. Boppedat krige it talint, dat hierd wurdt fan Ajax, freed ek te hearren dat er de earste keeper wurdt fan Cambuur yn de kompetysje. Hy krijt dêrmei de foarkar boppe Robbert te Loeke.

Te Loeke sil wol de bekerwedstriden keepe. Fan Sportklup Hearrenfean is Luciano Narsingh oproppen foar Jong Oranje. De blessearre Jeffrey Gouweleeuw moast ôfsizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)