Bizarre sitewaasje op de Rijn

05 jun 2013 - 15:22
  • Rijn bûten de oevers

De sitewaasje op de Rijn yn Dútslân neamt skipper Aldert Hoekstra bizar. It wetter stiet dêr heech en bedriget huzen. Soks is bysûnder yn juny. Hoekstra hat twa binnenskippen dy't op de Rijn farre en hy stapt sels oer in wike ek wer op as skipper. Op guon stikken fan de rivier is it no ferbean te farren, mar op it part dêr't Hoekstra's skippen ûnderweis binne, bliuwt it by in tal beheinings dy't foarkomme moatte dat de oever skea oprint.

Der mei net te hurd fearn wurde en en skippen moatte mear it midden fan de Rijn opsykje.

Praktysk betsjut soks dat skippen langer ûnderweis binne en mear brânstof ferbrûke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)