Biya fan VVOG docht moandeitemiddei oanjefte fan rasisme

07 mrt 2016 - 13:25
  • Skiedsrjochter Gert Keijl en Pernelly Biya fan VVOG nei it ynsidint

Pernelly Biya fan VVOG út Hurderwyk docht moandeitemiddei oanjefte fanwegen rasisme. Oanlieding binne apelûden dy't in taskôger makke rjochting Biya yn de wedstriid op sportpark De Bosk tsjin Harkemase Boys. Beide klups hawwe it ynsidint feroardiele. Biya docht oanjefte om't er in dúdlik sinjaal ôfjaan wol tsjin rasisme.

Foarsitter Laurens de Klein fan VVOG giet mei Biya mei nei it plysjeburo. De saak hat in soad reaksjes losmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)