Bitgummole wol namme yn 't Frysk

06 apr 2004 - 00:00

Pleatslik Belang Bitgummole wol dat de namme fan it doarp offisjeel feroare wurdt fan Beetgumermolen nei Bitgummole. Pleatslik Belang hat dêrta in fersyk dellein by de gemeente Menameradiel. It fersyk ta in offisjele nammeferoaring waard ynbrocht op de jiergearkomste fan Pleatslik Belang. In mearderheid stimde foar de feroaring.

It kolleezje hat it fersyk dellein by de gemeenteried. Wannear't de ried it fersyk behannelet is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)