Bitgum wint Bangmapartij

04 maaie 2003 - 00:00

De keatsers fan Bitgum ha snein de Bangmapartij wûn. Dy ôfdielingspartij yn Weidum is tradisjoneel de iepening fan it seizoen foar de haadklasse keatsers. Bitgum wie yn de finale te sterk foar Frjentsjer, mei 5-3, 6-4.

Minnertsgea, de lêste tsien jier fiif kear winner en ek no wer favoryt, waard útskeakele troch Grins. Dat partoer waard tredde. Yn de heale finale foel by de Grinzers Douwe Groenendijk út en doe wie it gau beslikke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)