Bitgum twadde Bûnsfinalist

09 jun 2014 - 17:32
  • Keatsen

De finale yn de 113e edysje fan de Bûnspartij yn Frjentsjer giet op pinkstermoandei tusken Chris Wassenaar, Hylke Bruinsma en Hendrik Kootstra fan Minnertsgea en Johan van der Meulen, Cornelis Terpstra en Tjisse Steenstra fan Bitgum.

Yn de heale finale wienen Van der Meulen-en-dy mei 5-1 en 6-6 te sterk foar Seisbierrum/Pitersbierrum mei Johannes van der Veen, Kees van der Schoot en Pieter van der Schoot, dy't de lytse preemje pakten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)