Bitgum ferrassend yn finale op Bûnspartij

25 maaie 2015 - 17:25

Bitgum wûn ferrassend mei 5-3 en 6-4 de heale finale op de Bûnspartij yn Frjentsjer. Johan van der Meulen, Kor Zittema en Tjisse Steenstra fersloegen Sint-Jabik mei Bauke Triemstra, Renze Hiemstra en Taeke Triemstra.

De oare finalist op de Bûnspartij is Minnertsgea. Chris Wassenaar, Hylke Bruinsma en Hendrik Kootstra fersloegen Grou mei 5-2 en 6-0. Dêrmei is dizze finale deselde as ferline jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)