Biteboeren driigje mei aksjes

22 sep 2006 - 17:18

Sûkerbiteboeren yn it Noarden driigje mei it platlizzen fan in bakkerijdivyzje fan CSM. De sûkerdivyzje is ferkocht oan COSUN. Om biten leverje te kinnen moatte de boeren harren no sels ynkeapje foar 1400 euro de bunder. Dat jild hawwe de measte boeren net omt de winsten de ôfrûne tiid net al te goed wiene.

De boeren fine dat CSM de helte fan it bedrach betelje moat. De sûkerbrânsj docht it op 't stuit wakker goed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)