Bisten ûnfersoarge thúslitten

10 sep 2007 - 09:45

Op de Boeierstrjitte yn Ljouwert hat de plysje snein fertutearzge bisten út in hûs helle. De 29-jierrige bewenner is neffens de buert al in skoft fan hûs en hie net genôch iten en drinken achterlitten foar de bisten.

Drinkwetter hiene de twa hûnen, twa jonge katten en twa ratsjes hielendal net mear en it iten wie sawat op. De plysje hat de bisten nei in opfangadres brocht. De wenning wie hielendal fersmoarge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)