Bisten moatte fan Noarderleech

11 okt 2008 - 16:20
  • Hynders op it Noarderleech
  • It fee kin hjir net lang mear bliuwe

Der wurdt hurd optreden tsjin boeren dy't har fee te lang rinne litte op it Noarderleech by Marrum. Nei nije wike woansdei 15 oktober meie der yn it bûtendykslân gjin skiep, hynders of kij mear rinne.

Boeren dy't net harkje wolle, sille it fiele. De plysje sil yn aksje komme as it nedich is. Want in drama as yn 2006, doe't hynders ûnderstrûpten en omkamen, mei net wer barre, sizze gemeente en it Fryske Gea. Boeren helje op it stuit it fee al binnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)