"Bisten moatte better chipt wurde om baaskes werom te finen"

16 jun 2015 - 12:12

Mear as de helte fan de katten yn biste-opfang De Wissel yn Ljouwert komt net by it baaske werom. It probleem stiet net op himsels, want yn hiel Nederlân binne problemen mei it opspoaren fan it baaske. Dit komt foar in grut part, omdat de bisten net chipt binne. En as de hûnen en katten wol chipt binne, dan kloppet de kontaktynformaasje yn in protte gefallen net.

Biste-opfang De Wissel ropt minsken op om hjir better om te tinken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)