Bisten loslitten troch jonges

23 aug 2008 - 14:01

By soarchynstelling De Batting yn Harns ha fandalen yn de nacht fan freed op sneon kninen, hinnen en oare bisten loslitten.

De doarren fan de kninehokken waarden iepen set. De doar fan in bisteferbliuw mei hinnen en oare bisten, is yntrape. In tsjûge hat twa jonges op in brommer sjoen dy't útnaaiden rjochting it swimbad. De plysje koe se net mear achterhelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)