Bistemoalberch is fuortwurke

19 nov 2001 - 00:00

De bistemoalberch yn Fryslân is folslein fuortwurke. De opslaggen yn Dokkum en Ternaard binne sûnt in pear dagen hielendal leech. Destruksjebedriuw Rendac yn Sumar hie sûnt de tongblierkrisis grutte foarrieden bistemoal.

De provinsje easke dizze simmer dat it moal fuortwurke wurde moast, omdat der brângefaar wêze soe yn de opslaggen. Dat is yntusken slagge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)