Bistemishanneling yn Drachten

04 des 2002 - 00:00

De dierebeskerming hat tiisdei yn in wente yn Drachten in tal útrûpele, hongerige en deade bisten oantroffen. Yn in hok achterhûs sieten trije breameagere katten. Ien fan 'e bisten wie al dea. Yn in folière yn 'e tún leine 22 deade dwerchpapagaaien. Twa fûgels wiene noch yn libben. De bisten binne oerbrocht nei it asyl. De 29-jierrige bewenster is heard as haadfertochte. Sy kriget in proses- ferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)