Bistemishanneling op 'e Sweach

25 okt 2004 - 16:29

Unbekenden ha sneontenacht yn de bernebuorkerij fan Beetstersweach in pony en in ezel mishannele. De halsters fan de bisten wiene mei in tou sa stiif oan elkoar fêstbûn dat se net mear bewege koene.

De ezel stie mei in tou fêst oan in trôch en de pony stie oan datselde tou. De bisten koene gjin kant út. In frou fan De Gordyk seach dat de bisten hast smoarden en de belle de plysje. Dy freget tsjûgen har te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)