Bistebeskerming tinkt om reeën

21 maaie 2013 - 10:21
  • Boer Meijer lit de bistebeskerming syn lân sjen
  • Spoaren fan de ree op it lân fan boer Meijer

De bistebeskerming is tiisdei úteinset mei it beskermjen fan reekealtsjes op it lân fan maatskip Meijer by Surhústerfean. Op it lân fan Meijer komme alle jierren wol in pear reekealtsjes ûnder de meanmasine. De bistebeskerming sil no foardat Meijer begjint te meanen mei frijwilligers troch it lân rinne. Sy sille reekealtsjes foarsichtich oan de kant lizze, sadat se net mear ûnder de masine komme.

De bistebeskerming hat no in ploech fan sa'n 16 frijwilligers dy't wol helpe wolle by it beskermjen fan reekealtsjes.

Mear frijwilligers binne wolkom. Meijer is de earste boer dy't him by de bistebeskerming oanmeld hat foar it beskermjen fan reekealtsjes. Meijer hat neffens eigen sizzen yn trochsneed tusken de tsien en fyftjin reeën op syn lân. It begruttet him altyd tige as der in reekealtsje ûnder de meanmasine komt. Reekealtsjes binne yn de earste tsien wike fan har libben tige kwetsber, omdat se dan amper fan it plak komme. By gefaar krûpe se fuort yn it gers, mei faak fatale ôfrin. Mei it nije projekt wol de bistebeskerming wat oan dit probleem dwaan. Ek hopet de bistebeskerming sa mear sicht te krijen op hoefolle reeën der yn Fryslân binne en wêr't dy sitte. By in earste ynventarisaasje op it lân fan Meijer die yndie bliken dat der ferskate reeën sitte. Der wiene farske reeëspoaren. Ek naaide in ree út doe't se de delegaasje fan de bistebeskerming seach. Meijer sil tenei de bistebeskerming warskôgje as hy fan doel is om te meanen, sadat se yn 't foar de greide kontrolearje kinne op de oanwêzichheid fan in reekealtsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)