Bistebeskerming: "fergassing guozzen is mishanneling"

15 jun 2015 - 17:36
  • De guozzen dy't fergast binne

De bistebeskerming neamt de wize wêrop't de guozzen yn de Jan Durkspolder by Earnewâld fergast binne, bistemishanneling. De organisaasje hat dêrom in melding dien by de bisteplysje. Oardel wike lyn binne goed tûzen guozzen út natuergebiet De Alde Feanen nei in fangkraal dreaun en letter mei CO2 fergast.

De bistebeskerming hat benammen muoite mei it ferhaal dat in soad guozzen fertrape binne yn de koai dêr't se yn sieten. De organisaasje seit dat dit in soad leed feroarsake hat.

De bistebeskerming ropt de provinsje en It Fryske Gea dan ek op om net nochris guozzen te fergassen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)