Biskop komt foar boeren op

02 okt 2009 - 20:30

Biskop De Korte fan it Bisdom Ljouwert Grins wol mei de lanlike polityk om tafel om te praten oer de krisis yn de lânbou. De biskop seit dat er him grutte soargen makket oer de boeren yn Nederlân. Sa soene der te folle wêze dy't it finansjeel net langer oprêde.

De polityk soe dêr tsjin optrede moatte. Neffens Biskop de Korte kin de tsjerke konkreet neat betsjutte foar de boeren, mar kinne se wol besykje de polityk te bewegen mear te dwaan om de earmoed by boeren te bestriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)