Biskop freed nei It Amelân

06 feb 2013 - 14:08
  • Clemenstsjerke It Amelân Nes

Biskop De Korte fan it bisdom Grins-Ljouwert giet freedtemiddei nei It Amelân. Hy sil dêr syn parochianen in hert ûnder de riem stekke nei de brân dêr't se har tsjerke by kwytrekke binne. De monumintale Sint Clemenstsjerke yn Nes baarnde tiisdei folslein út. Woansdei wurdt ûndersyk dien nei de oarsaak fan de brân. Eksperts fan de fersekering en fan it bisdom besjogge ek hoe grut de skea is. Dy rint yn de miljoenen. By de brân is in mooglik in kostber skilderij ferlern gien.

It soe gean om in skilderij fan de 17e ieuske meester Hendrick Ter Brugghen, dat mooglik tonnnen, sa net miljoenen wurdich wêze kind hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)