Bisdom Ljouwert gjin jildpine

28 feb 2014 - 12:48

De finansjele problemen yn it bisdom Grins-Ljouwert falle ta, mar it is de fraach foar hoelang. Fan 'e wike waard bekend dat de Roomske tsjerke oer 2012 in ferlies fan hast 4,5 miljoen euro hie. Dat kaam troch de krimp fan it tal parochianen en de skeafergoeding dy't slachtoffers fan seksueel misbrûk yn de Roomske tsjerke krigen hawwe. It bisdom Grins-Ljouwert is it lytste fan Nederlân. It is deryn slagge de begrutting slutend te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)