Birmingham: Epke 5de op brêge

25 apr 2010 - 17:56

Turner Epke Zonderland fan De Lemmer is snein by de Europeeske kampioenskippen yn it Ingelske Birmingham as fyfde einige op it ûnderdiel brêge.

Zonderland die it noch wat better as yn de kwalifikaasje. Syn puntetotaal wie snein 15.075. De Frânsman Yann Cucherat pakte it goud mei in puntetotaal fan 15.275. De Gryk Vasileios Tsolakidis waard twadde mei 15.200 punten, de Poal Kierzkowski en de Frânsman Sabot dielden it brûns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)