Biotrack wol útwreidzje

18 sep 2013 - 20:17
  • Wetterprobleem oplost

In apparaat om baktearjes op te spoaren yn wetter ferkeapet sa goed dat de makker, it bedriuw Biotrack ynkoarten foars útwreidzje wol. Op it stuit sit it bedriuw noch yn de Johannes de Dopertsjerke yn Ljouwert mar Biotrack wol ferhúzje nei in yndustryterrein om dêr njonken it betinken fan de apparaatsjes, se dêr ek sels te meitsjen.

Op it stuit wurkje der 12 minsken, dat oantal moat yn in pear jier groeie nei in lytse 30. Yn de masine kin wetter analysearre wurde en kin besjoen wurde hokker baktearjes der ynsitte.

Benammen wetterbedriuwen en bedriuwen dy't in soad mei wetter wurkje lykas bierbrouwers ha ynteresse. De measte oarders komme op it stuit út Noard Amearika.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)