Bios Drachten biedt filmarranzjemint Ronald McDonald Hoeve

04 nov 2015 - 15:26
  • Ronald McDonald Hoeve yn Beetstersweach

Gasten fan de Ronald McDonald Hoeve yn Beetstersweach kinne fan freed ôf in spesjaal filmarranzjemint boeke by De Bios yn Drachten. Yn in lyts selsskip kinne se in film sjen yn de bioskoop, op in tiidstip dat harren goed útkomt.

De Bios wol sa temjitte komme oan de winsk fan in soad gasten fan De Ronald McDonald Hoeve, dêr't lichaamlike of mearfâldich beheinde of slim sike bern en harren famylje fakânsje fiere kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)