Bionext: Ferlet fan mear biologyske boeren

21 mrt 2016 - 17:13
  • Dizze pleats by Haskerdiken is oan it omskeakeljen nei biologysk

Der skeakelje net genôch boeren oer nei biologyske lânbou om te foldwaan oan de fraach. Dat seit Bionext, in organisaasje dy't mear biologyske produkten en lânbou wol. Yn Fryslân wurdt trije prosint fan de lânbougrûn ynset foar biologyske lânbou. Melkfeehâlders binne wol mear ynteresearre yn de oerstap, omdat foar biologyske molke folle mear jild betelle wurdt.

It duorret lykwols twa jier om dy oerstap te meitsjen. Dat betsjut yn 'e regel twa jier lang hegere kosten foardat je profitearje kinne fan de hegere molkpriis.

Earder waard noch wolris wat frjemd nei de biologyske lânbou sjoen, mar dy tiid is no wol foarby, seit foarsitter Geart Kooistra fan LTO-Noord. Sjoch ek it parseberjocht fan Bionext oer it tanimmende ferlet fan biologyske produkten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)