BioMotiontoer yn Fryslân

19 okt 2009 - 15:14
  • Reklame foar duorsume brânstoffen

De BioMotiontoer is moandei oankaam yn ús provinsje. De groep auto's riidt foar promoasje fan duorsume op dy brânstof troch Europa. De toer starte yn Parys. De dielnimmers kamen moandei oan yn Aldehaske by ôffalferwurker Omrin.

Der ride sa'n 15 auto's mei. Dy wurde benammen bestjoerd troch ûndernimmers yn duorsume brânstoffen. Doel fan 'e tocht is om boargers en ûndernimmers te ynformearjen oer skjinnere brânstoffen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)