Biolooch Bos: "Gif gjin echte oplossing tsjin mûzepleach"

22 aug 2015 - 10:35
  • Mûs

It brûken fan gif tsjin de mûzepleach is gjin strukturele oplossing. Dat seit biolooch Daan Bos fan ûndersyksburo Altenburg & Wymenga yn Feanwâlden. Steatssiktaris Dijksma hat in frijstelling ferliend oan bouboeren yn Noard-Nederlân om mei molletabletten de mûzen te bestriden.

Dizze pillen wurde yn mollerillen oanbrocht. Troch it focht yn de grûn ûntstiet in deadlik gas. Bos begrypt dat der wat barre moat, mar fynt it wol spitich dat foar gif keazen is. De biolooch freget him ek ôf oft dit wol helpt.

Hy hopet dat de oerheid yn oerlis mei de boeren ta in oanpak komt dy't der foar soarget dat mûzepleagen yn de takomst foarkommen wurde kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)