Biologyske kantine Stenden

10 mrt 2010 - 11:09
  • Biologysk ite yn de kantine fan Stenden

Studinten en wurknimmers fan de Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert kinne fan woansdei ôf ite yn in folslein duorsume kantine. It iten is biologysk en wurdt op in duorsume manier makke. Ek de ynrjochting is safolle mooglik dien mei duorsume materialen. Hiel grien en miljeufreonlik dus.

Stenden is de earste hegeskoalle dy't op dizze wize mei iten om giet. Studinten fan de stúdzje International Hospitality Management moatte de nije kantine draaiende hâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)