Biologysk grûn sanearje

14 sep 2006 - 16:20

De nije biologyske metoade fan grûnsuvering by it eardere fabryk Nooitgedacht yn Drylts wurket goed. Sûnt trije jier is de metoade yn gebrûk en de fersmoarging is hast hielendal fuort.

Mei buizen wurdt in mengsel fan sûkerbitesop en ierdappelsetmoal yn de grûn pompt. De baktearjes brûke dat as enerzjy om de fersmoarging te liif te kinnen. Foardiel is dat der gewoan boud wurde kin as de grûn suvere wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)