Biokachel yn swimbad Ljouwert

18 aug 2009 - 20:24

In saneamde biokachel sil yn de takomst swimbad It Kealledykje yn Ljouwert ferwaarmje. In bedriuw ûntwikkelt de kachel dy't houtsnippers omsette sil yn waarmte, sûnder dat der ôffalstoffen frij komme by it ferbaarnen.

Foar Ljouwert is it in belangryk projekt. De stêd is de op ien nei duorsumste gemeente fan Nederlân en duorsume enerzjy moat de kommende jierren in noch folle gruttere betsjutting krije yn de Fryske haadstêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)