Biografy oer Henk Kroes

27 des 2006 - 19:20

Der komt in autorisearre biografy út oer foarsitter Henk_Kroes fan de Alvestêdetochtferiening. It boek moat ein 2007 klear wêze. Utjouwer is Van Wijnen út Frjentsjer en skriuwer is Eppie_Dam.

It idee is ûntstien nei kontakt tusken Kroes en de NOS oer wat by_eintsjebeslút in dokumintêre wurde sil. Neffens Henk_Kroes giet it boek net allinnich oer de Alvestêdetocht, mar oer syn hiele libben.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)