Biogas op Skiermûntseach

04 des 2009 - 10:53

Seis boeren op Skiermûntseach wolle in biogasynstallaasje bouwe. Dêr moat dong ferwurke wurde ta biogas mei deselde kwaliteit as ierdgas. De melkfeehâlders ha genôch dong om 80% fan de húshâldens fan gas te foarsjen. De ynstallaasje kin komme op it plak fan it eardere ôffaloerslachstasjon fan Omrin. Dat wurdt net mear brûkt.

It kolleezje stiet achter de plannen. Doel is dat Skier yn 2020 selsfoarsjennend is wat enerzjy oanbelanget.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)