Biogas foar swimbad Stiens

16 jun 2010 - 12:29
  • Biogasynstallaasje, der komt krekt sa'n ynstallaasje yn Stiens
  • It swimbad yn Stiens

Mei help fan stront en grienôffal wurdt fan 2012 ôf sportkompleks It Gryn yn Stiens ferwaarme. No is it kompleks noch oansletten op it gewoane gas, mar yn 'e takomst wurdt dat biogas. Op twa kilometer fan it sportkompleks sit boerebedriuw De Boer-Talsma. Op dit bedriuw komt in ynstallaasje om biogas te meitsjen.

Dat gas kin prima brûkt wurde om bygelyks it swimbad te ferwaarmjen. Nei alle gedachten wurdt de biogasynstallaasje ein 2011 boud.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)