Biofergister kin mear oan

25 feb 2011 - 12:51
  • Dongfergister by in boer (foto: Omrop Fryslân)

De biofergister mei noch foar de simmer mear saken ferwurkje. Op it stuit mei bygelyks bermgers net, wylst dat hiel goed kin. Yn in biofergister kinne boeren natuerlike produkten lykas ierdappels by de dong dwaan om biogas te meitsjen. Om't de list fan produkten dy't yn 'e masine meie no langer wurden is, kin de kostpriis ek aardich nei ûnderen.

De útwreiding fan de list is in resultaat fan oerlis tusken deputearre Adema mei steatssekretaris Bleker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)