Biobussen ride pas nei simmer

01 maaie 2007 - 12:31

De biobussen fan ferfiersbedriuw Connexxion wurde pas nei de simmer ynset. It bedriuw wie fan doel om tagelyk mei de ynfiering fan de lytse Frysker-bus de grutte streekbussen op biodiesel ride te litten.

Begjin maart sei deputearre Baas noch op Omrop Fryslân radio dat de biobussen tagelyk mei de ynfiering fan de nije tsjinstregeling op 15 april ynset wurde soene. Dat wurdt dus no folle letter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)