Binnentún Statelân te fochtich

03 jun 2004 - 00:00

De kâns is grut dat de binnentún yn wensoarch-sintrum Nij Statelân yn Menaam foar it grutste part fuorthelle wurdt. Al sûnt de bou fan it kompleks, sawat acht jier ferlyn, is it fierste fochtich yn dy binnentún. Dat soarget foar steurings en de alarmynstallasje. Ek begjint de metalen konstruksje fan it glêzen dak te rustkjen.

De tún is oanlein mei fivers, streamend wetter en planten. Mei de bewenners wurdt oerlein oer in oare ynrjochting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)