"Binnenstêdbewenners moatte alerter wêze op brân"

30 jun 2015 - 22:15
  • Brânmelder

De binnenstêdbewenners fan Ljouwert moatte folle mear neitinke oer de brânfeiligens fan har wenten. Der moatte reekmelders pleatst wurde, doarren moatte tichtbliuwe en der moatte gipswanden en plafonds yn de wenten timmere wurde. Mar boppe-al, seit de brânwacht, moatte de minsken har gedrach oanpasse.

Se moatte omtinken ha foar elektryske apparaten, snoeren en stopkontakten. Batterijen yn alarmmelders moatte op 'e tiid ferfongen wurde en se moatte oefenje hoe't se it hûs ferlitte kinne as der brân is.

Neffens de brânwacht binne de measte wenten, nei de brân op de Kelders yn Ljouwert, boukundich wol op streek, mar mankearret it oan it juste previntive gedrach. Der komt ynkoarten noch in ynfojûn foar binnenstêdbewenners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)