Binnenstêd moat brânfeiliger

16 sep 2014 - 14:50

De eigeners fan gebouwen yn de Ljouwerter binnenstêd moatte dy brânfeilich meitsje. Ein dit jier, begjin takom jier krije se allegear in brief fan de gemeente dêr't foarljochting yn jûn wurde sil oer brânfeiligens. Der wurde ek ynformaasjebyienkomsten organisearre. De gemeente hopet dat it foar de eigeners de oanset is om maatregels te nimmen dy't brân foarkomme kinne. Mei tsien stekproeven sil besjoen wurde oft gebouwen feilich binne. Wethâlder Diks wol dêr 150.000 euro foar útlûke.

As út de stekproef bliken docht dat it net feilich is, kin de gemeente it gebou slute.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)