Binnenfiskers op ien line

26 feb 2013 - 12:37

Berop- en sportfiskers hawwe ien mienskiplik fiskplan. Dat moat de fiskstân yn Fryslân op peil hâlde, ûnder oare troch fangstkwota en it útsetten fan iel en karper. De fiskers hawwe jierrenlang skeel hân, benammen oer de snoekbears. De kontrôles op fiskfang binne no stranger wurden. Dêrtroch is oan beide kanten mear betrouwen dat elk him oan de regels hâldt.

Sportfiskers meie tenei gjin iel, karper en snoek meinimme en net mear as twa snoekbearzen. De sportfiskerij set spegelkarpers en de beropsfiskerij glês- en poatiel út.

It grutte skeel tusken de beropsfiskers en de sportfiskers wie altyd de snoekbears. De sportfiskers hawwe de rjochten om dy te fangen. Sportfiskerij Fryslân hat dêr in soad jild foar betelle. Sûnt 2006 meie beropsfiskers ek beheind snoekbears meinimme as byfangst fan de ielfiskerij. De beropsfiskers woene wol graach mear byfange as de tastiene 14 ton, mar dat mocht net fan de Fiskstân Behearskommisje. Dêryn sitte neist sport- en beropsbinnenfiskers ek wetter- en terreinbehearders. Boppedat komme der hieltyd minder beropsfiskers yn Fryslân. Der binne no noch fjirtjin en yn de takomst mooglik noch mar tsien. Dêrtroch is in grutter kwotum net nedich. De fiskers binne it no iens wurden oer in mienskiplik plan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)