Biltse priis foar Dijkstra

12 des 2003 - 00:00

Dichter Arjen Dijkstra út Sint Anne hat de Biltse kultuerpriis 2003 krigen. De priis is alle jierren beskikber foar in persoan of in ynstelling dy't him op bysûndere wize ynset foar de Biltske kultuer. Wethâlder Hornstra hat de priis tonngersdei útrikt.

De sjuery neamde Dijkstra in beskieden man. Dat waard dúdlik doe't de winner syn priis (350 euro) fuort wei joech. Neffens him kin de stichting Ons Bildt mear mei de sinten as hysels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)